Sweden

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Konungariket Sverige
Flagge fan Sweden Wapen fan Sweden
Flagge Wapen
Lokaasje fan Sweden
Offisjele taal Sweedsk
Haadstêd Stokholm
Steatsfoarm Konstitúsjonele monargy
Gebiet
% wetter
449.964 km²
8.67­%
Ynwenners (2011) 9.482.855
Munt Krona (SWK)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 6 juny
Lânkoade SWE
Ynternet .se
Tillefoan 46

Sweden is in Skandinavysk lân yn Noard-Jeropa. De haadstêd is Stokholm. Mei de oare Skandinavyske lannen hat Sweden in sterke histoaryske en kultuerele bân, mar ek organisatoarysk is Sweden lid fan de Noardske Ried.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It noardlikste part fan Sweden heart by Laplân, dêr wenje Lappen of Saami . Yn it suden lizze de twa grutste marren fan Sweden: de Vänermar (Vänern) en de Vättermar (Vättern). Meiïnoar hat Sweden sa'n 96.000 marren. It heechste punt fan Sweden is de berch Kebnekaise fan sa'n 2111 m.

Sweden wurdt begrinzge troch:

De eilannen Öland, Gotland, Orust, Hisingen en Värmdön hearre by Sweden.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Romeinske skiedskriuwer Tacitus wie de earste dy't oer Sweden skreau. Neffens de archeologyske fynsten kin sein wurde dat der yn 'e earste fiif ieuwen nei Kristus in soad hannel west hat mei de Romeinen. Om 150 n. Kr. hinne wie Ptolemaeus de earste dy't ea in kaart fan Skandinaavje makke. Yn 'e 2e ieu ûntstiet it Runeskrift yn it suden fan Skandinaavje. Om 800 begjint de tiid fan de Wytsingen. De minsken dy't doe yn it súdwesten fan Sweden wennen teagen mear nei it westen, dyjingen dy't sintraal yn Sweden of oan 'e westkust wennen teagen nei it easten. Hannelstêden as Birka wiene yn 'e tiid fan de Wytsingen tige fan belang.

Om 1300 is de tiid fan de Wytsingen fierhinne dien en wurdt it lân kristlik. Mei Denemark en Noarwegen foarme Sweden yn 1389 de Uny fan Kalmar. Sweden gong oan it begjin fan de 16e ieu út de Uny. Neidat Sweden de Uny ferliet rekke it deilis mei Noarwegen en Denemark. De 16e en 17e ieu wienen in bluodderige tiid mei in soad oarloggen. Sweden wreide syn grûngebiet út en om 1660 besloech dat it hjoeddeistige Sweden en Finlân oant boppe Kûrlân ta, en parten fan it noarden fan Dútslân.

Denemark, Poalen, Saksen en Ruslân setten útein mei de Grutte Noardske Kriich (1700-21) dy't late ta it ferlies fan grûngebiet fan de grutmacht Sweden. De Baltyske steaten en de gebieten besuden de Eastsee waarden ferlern. De Grutte Noardske Kriich late ek ta in feroaring yn it hâlden en dragen fan Sweden. Dat him oppenearret yn it feit dat Sweden nei 1814 jimmeroan yn eltse kriich neutraal bleaun is, ek wilens de Twadde Wrâldkriich.

Om dy neutraliteitspolityk is Sweden ek gjin lid fan de NAFO. Sûnt 1995 is Sweden al lid fan de Jeropeeske Uny.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan de likernôch 9,1 miljoen ynwenners fan it lân is sa'n 90% Sweedsk. Minderheden binne de Samen, Noren en Finnen. 6,7% fan de befolking hat gjin Sweedsk steatsboargerskip.

Alhoewol't it Noarsk, Deensk en Sweedsk nau besibbe binne, en eartiids ien mienskiplike taal wie, is it Sweedsk hjoed de dei in oare taal as it Noarsk en Deensk. Erkende minderheidstalen binne it Samysk, Finsk en Roma.

67,5% fan de Sweden binne lid fan de evangelysk-luterske tsjerke . Oare kristenen binne Roomsk-Katoliken of ortodoks-kristenen of baptisten. Lykwols 5% komt geregeldwei yn tsjerke.

Dêrnjonken binne der yn Sweden sa'n 130.000 moslims, Joaden en Boeddisten. Guon Samen hâlde har dwaande mei it Animisme.

Polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De heechste autoriteit yn Sweden hat de Riksdag (parlemint). De minister-presidint fan it lân wurdt keazen troch it parlemint, en hy kiest de ministers. De wetjouwende macht is yn hannen fan de minister-presidint en it parlemint. De útfierende macht is yn hannen fan de ministers en minister-presidint. De juridyske macht stiet op himsels. De lagrådet (wet ried) en justitieråd (justysjeried) steane noed foar de rjochterlike macht.

Militêr[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De militêre organisaasje hat fjouwer haadûnderdielen:

  • Sweedske Lânmacht (Armén), 19.1000 man
  • Sweedske Marine (Marinen), 7.100 man
  • Sweedske Loftmacht (Flygvapnet), 7.700 man
  • Sweedske Hiemferdigening (Hemvärnet), 37.000 man

Opfallend is it grutte oantal fjochtfleanmasinen, meiïnoar 155, ferspraat oer trije fleanbasissen. De fjochtfleanmasine, de JAS 39 Gripen, is fan it Sweedske bedriuw Saab.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

BYP per persoan is $37.500 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 1,5% lânbou, 28,8% yndustry en 69,7% tsjinsten.

Sweden is foar it grutste part bedutsen mei grutte nuddelbosken. It is dan ek in grutte houtprodusint. Dêrnêst exportearret it lân izererts, stiel, elektroanyske apparatuer, motorreauwen en masines.

Transport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wichtichste havens binne Brofjorden, Göteborg, Helsingborg, Lulea, Malmö, Stenungsund, Stockholm, Trelleborg en Visby. Stockholm hat it grutste fleanfjild fan Sweden. De maksimum snelheid op de autodyk is 110 km/h.

Sweden hat (2006):
425.300 km ferhurde dyk.
11.528 km spoardyk.
2.052 km farwetter.

Gearwurking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sweden is sûnt 1946 lid fan de Feriene Naasjes en it lân is stiftsjend lid fan de Rie fan Jeropa (1949). Yn 1995 is Sweden lid wurden fan de Jeropeeske Uny, mar it hat gjin diel oan de monetêre uny.

 
Jeropeeske Uny
Flagge fan de Jeropeeske Uny
Belgje - Bulgarije - Denemark - Dútslân - Eastenryk - Estlân - Finlân - Frankryk - Grikelân - Grut-Brittanje - Hongarije - Ierlân - Itaalje - Kroaasje - Letlân - Litouwen - Lúksemboarch - Malta - Nederlân - Poalen - Portegal - Roemeenje - Sloveenje - Slowakije - Spanje - Sweden - Syprus - Tsjechje