Grut-Brittanje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Dizze side giet oer it lân Grut-Brittanje. Sjoch Grut-Brittanje (betsjuttings) foar oare betsjuttings fan Grut-Brittanje.
United Kingdom of
Great Britain and Northern Ireland
Flagge fan Grut-Brittanje Wapen fan Grut-Brittanje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Grut-Brittanje
Offisjele taal Gjin; feitlik: Ingelsk
Haadstêd Londen
Steatsfoarm Konstitusjonele monargy
Gebiet
% wetter
244.820 km²
1,3­%
Ynwenners (2001) 58.789.194
Munt Pound (GBP)
Tiidsône UTC 0
Nasjonale feestdei twadde sneon yn juny
Lânkoade GBR
Ynternet .uk
Tillefoan 44

It Grut-Brittanje, folút Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân is in lân yn West-Jeropa. De haadstêd is Londen en de keninginne fan de monargy is sûnt 1952 Elizabeth II.

De grutste eilânsteat fan Jeropa is in uny mei fjouwer lannen; Ingelân, Skotlân, Wales en Noard-Ierlân. It regear sit yn Londen. Dêrûnder falle de dekonsintrearre regearen fan Edinboarch (Skotlân), Cardiff (Wales) en Belfast (Noard-Ierlân). De kanaaleilannen en it eilân Man binne Britsk kroanbesit, mar falle net ûnder it regear yn Londen. Dêrneist hat Grut-Brittanje noch fjirtjin oerseeske gebieten.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Man.
1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Skotlân.

Tusken 600 en 400 f.Kr. teagen de Kelten nei it Britske eilân. De Romeinen besochten ûnder Julius Caesar al yn 55 f.Kr. om Ingelân te feroverjen mar dat slagge net. In jier letter besocht hy it wer en diskear wûn er. Ut it noarden wei kaam der lykwols wjerstân tsjin de Romeinen en sadwaande waard yn 125 n.Kr. de Muorre fan Hadrianus boud.

Mei it Grutte Folkeferfarren teagen Friezen, Jutten, Angelen en Saksen nei it Britske eilân. Yn de iere midsieuwen foelen de Wytsingen oan, nei fûleindich ferset slagge it de Deenske wytsingen by ferdrach (de "Danelaw") om it noardeastlike part fan it eilân te krijen. Wales kaam yn de 13e ieu ûnder Ingelsk regear. De yn it earstoan ûnôfhinklike steaten Ingelân en Skotlân ûnstienen yn de 10e ieu. Yn 1707 binne Ingelân en Skotlân gearrane troch de Treaty of Union ta it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje. Om it jier 1800 hinne, hie Ingelân al mear as 600 jier sizzenskip oer Ierlân. Yn dat jier wienen wetten oannaam troch Grut-Brittanje, dy't net al te gaadlik foar Ierlân wienen. It wie ek tsjin de winsk fan de Ieren, dy't te lijen hienen ûnder it Britske regear. De namme fan it nije lân wie United Kingdom of Great Britain and Ireland. Yn 1922 krige Ierlân har ûnôfhinklikens werom (Republyk fan Ierlân) fan Grut-Brittanje. Hawar, seis noardlike provinsjes fan Ierlân wienen in part fan Grut-Brittanje bleaun. Grut-Brittanje krige in nije namme; The United Kingdom of Great Britain and Northern Ireland.

Yn de 19e ieu wie Grut-Brittanje de grutste seemacht op 'e wrâld mei in ryk dat in tredde part fan de wrâld omfieme. Yndia, Kanada, Austraalje en East-Afrika wienen de grutste Britske koloniale gebieten. Likernôch trije ieuwen hat hat de Britske koloniale macht ynfloed op de wrâld hân. As fuortsetting fan it Britske Ryk kin it Britske Steatebûn neamd wurde. It moderne steatenbûn is fan 1947 en hie 53 leden yn maart 2009.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grut-Brittanje wurdt begrinzge troch:

Foar de Frânske kust, west fan Brittanje, lizze noch de Kanaaleilannen, en fierder hat Grut-Brittanje noch oerseeske gebieten.

Hichte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grut-Brittanje is it heechst yn it noarden, yn de Skotske Heechlannen, mei Ben Nevis (1.343 m.) as heechste punt. De heechlannen wurde spliten troch de Grutte Glen, om't se op in geologyske brekline lizze. Nei in smelle ûnterbrekking, dêr't Edinboarch en Glasgow lizze, komme de Súdlike Boppelannen, dy't gjin heechlannen binne, mar dochs nog toppen hawwe dy't 843 m. (Merrik) en 840 m. (Broad Law) heech binne. De grins tusken Skotlân en Ingelân wurdt foarme troch de oergong nei de Penninen. Dizze binne yn it noarden noch heech, Krús Fel (893 m.), mar wurde nei it suden ta hieltyd leger. Noard-súd binne se al grut, mar east-west is dat net sa; foar it grutste part leit east en west fan de Penninen leger lân. Dit jout se de bynamme, de Rêchbonke fan Ingelân. It súdeasten fan Ingelân is dúdlik leger. Foar de westkant is dat net sa. Dêr lizze yn it noarden de Kumbryske Bergen, en yn it suden de hichten fan Devon. Dêrtuskenyn leit Wales, wat hielendal bergeftich is. Noard-Ierlân, as in part fan it eilân Ierlân, is heuvelich, lykas de oare parten fan it eilân.

Eilannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grut-Brittanje is in eilanneryk. Njonken it eilân sels heart Noard-Ierlân, in part fan it eilân Ierlân, ta it keninryk. Om dizze grutte eilannen hinne leit noch in ferskaat fan oare eilannegroepen en eilannen dy't ek ta it ryk hearre. Yn it noarden lizze trije grutte eilannegroepen: Sjetlân, de Orkaden en mear nei it westen de Hebriden. Ticht by de Hebriden, mar oan de oare kant van Kintyre, leit it eilân Arran. Yn de Ierske See leit it eilân Man, en ticht by de kust fan Wales lizze Angelseach en it lytsere Hillich Eilân. Yn it Bristol Kanaal leit Lundy, foarby de súdwestpunt fan Kornwal lizze de Skorels, en oan de súdkust fan Ingelân leit it eilân Wicht. Mar foar alle kusten lizze ek noch lytsere eilantsjes; Grut-Brittanje hat mear as tûzen lytse eillannen.

Wetter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Net allinich is der see oan alle kanten fan Grut-Brittanje, mar der rint ek in grut tal fan koarte rivierkes fan it binnenlân nei de kust. De langste rivier fan Grut-Brittanje is de Severn (354 km.), dy't troch Ingelân en Wales kringelt, en yn it Kanaal fan Bristol útkomt. In oare wichtige rivier is de Teems (346 km.), dy't troch Engelân rint, en nei't er troch Londen kaam is yn it Kanaal útkomt. De grutste mar leit yn Noard-Ierlân: Lough Neag. De djipste mar is Loch Morar yn Skotlân (309 m.), mei op it twadde plak Loch Nes (mar 228 m.). Troch de yntensyve yndustry wurdt it lân ek noch trochkrúst troch in grut tal fan kanalen.

Sjoch ek

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ieuen fan skiednis spylje in rol by de bestjoerlike yndieling. Foar parten fan it bestjoer wurdt Grut-Brittanje opdield yn Ingelân, Skotlân en (Noard-) Ierlân, en ek wol Wales. Fierder jilde der noch hieltiid útsûnderings foar Kornwal, wat al mear as in milennium lyn troch Ingelân oerweldige is.

Hearrige gebieten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It eilân Man en de Kanaaleilannen binne sels hielendal gjin part fan it lân. Se meitsje al gebrûk fan tsjinsten fan Grut-Brittanje, en hawwe foar it grutste part deselde wetten, mar se hearre net ta it lân, mar ta de kroan. In gefolch hjirfan is dat se ek gjin part fan de Jeropeeske Uny binne.

Oerseeske gebieten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grut-Brittanje hie by de lêste folkstelling yn it jier 2004 60.294.000 ynwenners. Yn persinten oer de fjouwer autonome gebieten is de ferdieling sa:

Ingelân: 83,7 %, Skotlân: 8,5 %, Wales: 4,9 %, Noard-Ierlân: 2,9 %

Njonken Ingelsk binne it Welsk en Skotsk-Gaelysk de offisjele talen. By de folkstelling fan 2001 wienen der likernôch 600.000 minsken dy't it Welsk yn 'e macht hawwe. Iersk wurdt troch likernôch 20.000 minsken yn Noard-Ierlân praat en Kornysk troch 3.500 minsken. Welsk, Skotsk-Gaelysk, Iersk en Kornysk binne Keltyske talen.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Londen is in plak dêr't in soad bedriuwen binne dy't ek hannel mei it bûtenlân hawwe. Mei New York City en Tokio is de haadsted Londen in plak dat de wrâldekonomy yn beweging hâldt. Grut-Brittanje hat de fyftgrutste ekonomy fan 'e wrâld en twadgrutste yn Jeropa nei Dútslân. Sûnt de tachtiger jierren wurdt it begryp Anglo-Saksysk model brûkt yn Grut-Brittanje, wêrby't liberalisearring, de frije merk, legere belestingen en minder foarskriften de grûnbegjinsels fan binne.

De Britten setten oan 'e ein fan de 18e ieu útein mei de Yndustriële Revolúsje. De ekonomy fan Grut-Brittanje wie op it foarste plak rjochte op skipbou, koalen, stiel produksje en tekstyl. It Britske Ryk makke it foar Grut-Brittanje mooglik en oerhearskje de ynternasjonale hannel yn de 19e ieu. Doe't oare lannen ek begûnen te yndustrialisearren en de lânbou gjin ferlet mear fan arbeiders hie, dêrby de ekonoamyske delgong nei de twa wrâldoarloggen, waard it minder mei de Britske ekonomy. De grutte yndustry rûn wilens de 20e ieu yn fases tebek. De Britske tsjinstensektor groeide linkedewei en beslacht no 73% fan it BYP.

Transport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wichtichste havens binne Dover, Felixstowe, Immingham, Liverpool, Londen, Southampton, Teesport (Ingelân), Forth Ports, Hound Point (Skotlân), Milford Haven (Wales) en Belfast (Noard-Ierlân). Londen hat it grutste fleanfjild fan Grut-Brittanje. De maksimum snelheid op de autodyk is 112 km/h .

Grut-Brittanje hat (2006):
398.366 km ferhurde dyk.
16.567 km spoardyk.
3.200 km farwetter.

Gearwurking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grut-Brittanje is in stiftend lid fan de Feriene Naasjes (1945) dêr't it in permaninte sit hat yn de Feiligensried. It lân is ek stiftend lid fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949) en de Rie fan Jeropa (1949). It lân is sûnt 1973 lid fan de Jeropeeske Uny, mar hat gjin diel oan de Monetêre Uny.

Militêr[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Struktuer

De Britske definsje hat in lânmacht, loftmacht en marine.

Mankracht

Yn 2005 wienen der 14.607.724 Britske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 12.046.268 fit foar militêre tsjinst.

Budzjet

Militêr budzjet $42 miljard (2003).
Persintaazje fan it BYP 2,4 % (2003).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Jeropeeske Uny
Flagge fan de Jeropeeske Uny
Belgje - Bulgarije - Denemark - Dútslân - Eastenryk - Estlân - Finlân - Frankryk - Grikelân - Grut-Brittanje - Hongarije - Ierlân - Itaalje - Kroaasje - Letlân - Litouwen - Lúksemboarch - Malta - Nederlân - Poalen - Portegal - Roemeenje - Sloveenje - Slowakije - Spanje - Sweden - Syprus - Tsjechje