Salomonseilannen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Solomon Islands
Flagge fan Salomonseilannen Wapen fan Salomonseilannen
Flagge Wapen
Lokaasje fan Salomonseilannen
Offisjele taal Ingelsk
Haadstêd Honiara
Steatsfoarm Parlemintêre monargy
Gebiet
% wetter
28.450 km²
3,2­%
Ynwenners (2000) 480.000
Munt Salomon-dollar (SBD)
Tiidsône UTC +11
Nasjonale feestdei 7 july
Lânkoade SLB
Ynternet .sb
Tillefoan 677

De Salomonseilânnen is in lân yn Melaneezje, eastlik fan Papua Nij Guinea, besteande út hast tûsen eilânnen. Meiinoar ha dizze eilânnen in lânoerflak fan 28.400 fjouwerkante kilometers. De haadstêd is Honiara, op it eilân mei de namme Guadalcanal.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Salomonseilannen lizze yn it westen fan de Grutte Oseaan en besteane út twa ketens fan eilannen fan elts 1450 km. De haadeilannen Guadalkanal, San Kristobal, Santa Isabel, Malaita, New Georgia en Goiseul binne fan fulkanyske oarsprong en wurde flankearre troch koraaleilannen. By it gebiet heare ek de eilannen Ontong, Java en Santa Cruz. It klimaat is tropysk mei in protte delslach it hiele jier troch.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sa't men tinkt binne de Salomonseilânnen al hiel lang bewenne fan Melanesyske folken. Troch de Spanjert Alvao de Mandana waard it yn 1567 ûntdutsen. It Feriene Keninkryk rjochte yn 1893 in protektoraat oer de Salomonseilânnen op. Inkelde fan de swierste gefjochten yn de Twadde Wrâldkriich barden tidens de fjildtocht yn de Salomonseilânnen fan 1942-45 en ek yn de slach fan Guadalcanal. De eilannen krige yn 1976 selsbestjoer en ûnôfhinkelens twa jier letter. It lân bleau wol in part fan it Britske Mienebest.

De stabiliteit en it maatskippelik libben hat sûnt 1997 lit fan etnysk geweld, regearingsmisdragings en misdie. Yn juny 2003 is in leger ûnder it bewâld fan Austraalje fanút meardere lânnen, de Regional Assistance Mission to the Solomon Islands (RAMSI) (De Regionale Help Misje oan de Salomonseilânnen) oankaam om de frede werom te bringen en om etnyske milysje te ûntwapenjen.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lânbou is mei in oandiel fan 70% yn it BNP de wichtichste bedriuwstûke. Foarnaamste produkten binne kokosnûten, kakao, rys, speserijen en huning. De fiskerij nimt mei hast 30% hat in grut part yn fan de eksport. De boskbou is ek in wichtige ynkomsten boarne foar de steat. De regearing stimulearet de selsfersoargjende ekonomy en beheind de útputting fan natuerlike boarnen troch bûtenlânske ynvestearders.

Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei: