Ingelsk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ingelsk
eigen namme: English
Ingelske namme: English
sprutsen yn: Grut-Brittanje, Ierlân, Noard-Amearika, Austraalje, Nij-Seelân en súdlik Afrika.
taalgebiet: Grut-Brittanje, Ierlân, Noard-Amearika, Austraalje, Nij-Seelân en súdlik Afrika.
tal sprekkers (?): 380 miljoen
dialekten:  ?
taalklassifikaasje: Yndo-Jeropeesk
skrift: it Latynske alfabet
bibeloersetting: 1380 - 1390
taalstatus: Grut-Brittanje, Feriene Steaten
taalkoade ISO 639-1: en
taalkoade ISO 639-2: eng
taalkoade ISO 639-3: eng

It Ingelsk is in Angelsaksyske taal dy't heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Ingelsk is de meast brûkte taal fan de wrâld as alle memmetaalsprekkers en twadde taallearders by-inoar opteld wurde (it Standertsineesk hat de measte memmetaalsprekkers). By ynternasjonale kontakten meitsje minsken in soad gebrûkt fan it Ingelsk, dat om dy reden in wrâldtaal neamd wurdt. Dat is mei te tankjen oan it British Empire, dat om 1900 in fearnspart fan al it lân op de wrâld besloech. Yn de kolony's fan Grut-Brittanje waard it Ingelsk as amtstaal ynfierd. Nei de Twadde Wrâldkriich foel it eardere British Empire út elkoar. Yn de sin fan "machtichste lân op ierde" kin de Feriene Steaten as in opfolger sjoen wurde fan it British Empire, sadat it Ingelsk ek ûnder de nije wrâldmacht in wichtige taal bliuwe soe.[1]

Untwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ingelsk is krekt as it Frysk in Noardwestgermaanske taal, mar de Angelsaksyske talen hawwe harren op it eilân Grut-Brittanje oars ûntwikkele as de Fryske talen op de fêste wal en de waadeilannen. Njonken de ynfloed fan dy isolaasje hat ek de ynfloed fan lettere ynfallers de taal feroare. It Aldingelsk of Angelsaksysk, dat oerlevere is fan de 8e ieu ôf, waard sa troch de ynfloed fan de Wytsings en de Normandjers ta it Midingelsk. Troch de Ingelske Lûdferskowing ûntstie yn de 15e ieu it Nijingelsk, fierhinne op basis fan it dialekt fan 'e haadstêd Londen.

Sprekkers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Ingelsk wurdt as memmetaal sprutsen troch likernôch 375 miljoen minsken, benammen yn Grut-Brittanje, Ierlân, Feriene Steaten, Kanada, Austraalje, Nij-Seelân en súdlik Afrika. Troch de grutte ynfloed fan Grut-Brittanje en de Feriene Steaten hat it Ingelsk ek in protte ynfloed yn oare parten fan de wrâld. In spesjaal gefal hjirby is Yndia, dêr't it Ingelsk in offisjele bestjoerstaal is, praat troch in grut part fan de befolking, mar dêr't it gjin memmetaal is.

13 persint fan de ynwenners fan de Europeeske Uny hat it Ingelsk as memmetaal (Dútsk hat binnen de EU de measte memmetaalsprekkers). 38 persint fan de ynwenners fan de EU hat it Ingelsk as frjemde taal leard. Dêrtroch kin 51 persint fan de boargers fan de EU Ingelsk prate.[2]

Geografyske sprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

dunkelblau: Amts- und Landessprache; hellblau: Amts-, aber Nebensprache
De Ingelsktalige wrâld

lannen fan de wrâld dy't it Ingelsk brûke

   lannen mei it Ingelsk as (offisjele) amtstaal en as autochtoane mearderheidstaal.
   lannen dêr't it Ingelsk in offisjele status as minderheidstaal hat of as wurktaal brûkt wurdt.

Taalkoades[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ISO 639 taalkoades foar it Ingelsk binne "en" en "eng". Om't it Wikipedia-projekt meast, lykas wenst op it ynternet, de twaletterige koades brûkt, wurdt de Ingelske Wikipedy oantsjut mei de koade "en:".

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Dykstra, Anne; Frysk-Ingelsk wurdboek/Frisian-English dictionary with a corresponding English-Frisian word list. 1192 siden, Afûk/Fryske Akademy Ljouwert. Akademy-number 897. ISBN 90-6273-579-7.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy.
Sjoch de Ingelske ferzje.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. World-Wide English
  2. Eurobarometer Europeans and their Languages út 2006