Wyt-Ruslân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Беларусь
Flagge fan Wyt-Ruslân Wapen fan Wyt-Ruslân
Flagge Wapen
Lokaasje fan Wyt-Ruslân
Offisjele taal Wyt-Russysk, Russysk
Haadstêd Minsk
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
207.600 km²
0­%
Ynwenners (2009) 9.648.533
Munt Roebel (BYR)
Tiidsône UTC +3
Nasjonale feestdei -
Lânkoade BLR
Ynternet .by
Tillefoan 375

Wyt-Ruslân is in lân yn East-Jeropa. De haadstêd is Minsk en de presidint fan de republyk is sûnt 1994 Aleksandr Lûkasjenko. Sûnt Lûkasjenko yn july 1994 presidint waard, is Wyt-Ruslân hieltyd mear in diktatoriale steat wurden. Wyt-Ruslân wurdt ek wol de lêste diktatuer fan Jeropa neamd. It regear beheint de frijheid fan mieningsutering, parsefrijheid, en de frijheid fan religy.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wyt-Ruslân wurdt begrinzge troch:

Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strusta Mar yn de provinsje Fitebsk.

Wyt-Ruslân is in oerwegend flak lân en ûnderdiel fan it East-Jeropeeske Leechlân. It lânskip waard yn de iistiid foarme en karakterisearre troch talrike rivieren, kanalen, marren en wiidweidige foar in part sompige bosken.

Yn it suden lizze de Pripjat-sompen, ien fan Jeropa's grutste Fean- en Sompegebieten. De toeristyske trekpleisters fan it lân binne, útsein de haadstêd Minsk, fral de protte oer it hiele lân ferspriede marren.

Wyt-Ruslân hat in oerflak fan 207.600 km². It leechste punt leit by rivier de Memel, 90 meter boppe seenivo. It heechste punt leit by de Dzyarzhynskaya Hara, 346 meter boppe seenivo.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It klimaat sit wat tusken in lânklimaat en seeklimaat yn, de winters binne kâld mei mylde simmers.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei sân desennia as republyk fan de Sowjetuny wurdt Wyt-Ruslân ûnôfhinklik yn 1991. Nei de ûnôfhinklikens holdt it syn politike en ekonomyske bining mei Ruslân, mear noch as mei oare eardere Sowjet steaten. Wyt-Ruslân en Ruslân tekenen op 8 desimber 1999 in ferdrach mei as doel mear politike en ekonomyske yntegraasje. Hoewol't Wyt-Ruslân in ramtferdrach ratifisearre hat mei as doel it útfieren fan it akkoard, hat ymplemintaasje nea plakfûn.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ynwennertal wurdt yn 2009 op 9.648.533 rûsd. De etnyske gearstalling yn 1999 wie as folget: 81,2% Wyt-Russen, 11,4% Russen, 3,9% Poalen, 2,4% Oekraïniërs en 1,1% hie in oare etnyske komôf. 80% fan alle ynwenners hat it Eastersk-Ortodokse leauwen, de oare 20% binne Protestânsk, Roomsk, Joadsk of Moslim (1997). De twa grutste talen binne Wyt-Russysk en Russysk.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

BYP per persoan is $10.600 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 8,7% lânbou, 40,6% yndustry en 50,6 tsjinsten.