Bretonsk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bretonsk
oare namme(n): gjin
eigen namme: Brezhoneg
Ingelske namme: Breton
sprutsen yn: Bretanje, Frankryk
taalgebiet: Frankryk
tal sprekkers (?): 300.000-450.000
dialekten: Cornouallais, Léonard - Trégorrois - Vannetais
taalklassifikaasje: Yndo-Jeropeesk
skrift: it Latynske alfabet
taalstatus:  ?
taalkoade ISO 639-1: br
taalkoade ISO 639-2: bre
taalkoade ISO 639-3: fra
Tebekgong fan it Bretonsk sprekkend gebiet
Twatalige weiwizers yn Quimper

It Bretonsk of Bretoensk (Brezhoneg) is in Eilân-Keltyske taal, dy't nettsjinteande har klassifikaasje op it fêstelân sprutsen wurdt.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Bretonsk stamet net ôf fan it Galjysk, mar is ûntstien út Brytoanyske talen, fral it Kornysk. Doe't de Bretoanen fan de (4e ieu oant 7e ieu) nei het fêstelân fan Jeropa kamen, namen se de Britske taal mei, faaks waarden ek inkelde eleminten fan it yn Galje noch spoaradysk sprutsen Galjysk oernomd.

Yn Bretanje wurdt ek Gallo sprutsen, in lytse taal dy't fan it Latyn ôfstamt, en dat Romaansk is, lykas it Frânsk.

It Bretonsk wie de taal fan de elite oant de 12e ieu, mar dêrnei keas de adel foar it Frânsk as standerttaal. As skreaune taal waard yn Bretanje, dat oant de 16e iuw in sekere ûnôfhinkelikens bewarje koe, it Latyn brûkt, mar fan de 15e ieu koe it Frânsk hjir lykwols ek oanwinne.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Bretonsk is in slim bedrige taal, dy't yn 2008 noch troch sa'n 300.000 oant 500.000 minsken sprutsen en ferstien wurdt, folle minder as de 1.300.000 dy't dat yn 1930 noch koene. Boppedat wurdt de taal fral troch de âlderein sprutsen sadat op 'en doer útsjerren driget. Yn 1900 koe elsenien yn Bretanje it Bretonsk noch sprekke, mar de helte spriek (ek) Frânsk. Yn 1950 wiene der noch mar 100.000 minsken dy't wol Bretonsk mar gjin Frânsk koene. Dochs bestiet der tsjintwurdich noch literatuer yn it Bretonsk, dy't faaks yn de takomst de iennige boarne foar it learen en bestudearjen fan dizze taal wêze sil.

It Bretonsk is de iennige Keltyske taal dy't oant no ta net offisjeel erkend is. De Franske Grûnwet seit yn july 2008 opnij: “de taal fan de Republyk is Frânsk” (les langues régionales appartiennent au patrimoine de la France).

Dialekten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Bretonsk hat 4 dialekten:

Bretonske eleminten yn plaknammen [1][bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar in better begryp fan plaknammen yn't Bretonsk:

  • ker = hûs, stins, doarp, buorskip
  • aber = riviermûning (lykjend op de fjorden yn Noarwegen of de rias yn Portegal en Galysje)
  • beg, bec = foarberchtme, kaap
  • enez = eilân
  • mor = see
  • penn = kaap, berchtop of hichte, útstekkende rots
  • avon = rivier
  • iliz = tsjerke
  • lann = hillige, wijd plak; moeras
  • lok, loc = oan in hillige wijd plak of hut fan in heremyt
  • tre = wyk, tsjerkedoarp
  • menez = berch
  • bihan = lyts
  • izel = leech (net heech)
  • uhel = heech
  • ken = moai
  • maen, men = stien
  • ti, ty = hûs
  • plou, plu = gemeente, parochy

en

  • skol = skoalle
  • kenavo = oan't sjen

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Referinsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. TOPONIMIG - Des mots courants