Port Vila

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Port Vila
Port Vila aerial.jpg
Sifers
Ynwennertal 29.356 (2000)
Oerflak km²
Befolkingstichtens / km²
Hichte m
Polityk
Lân Fanûatû
Provinsje Sjeva
Oar
Koördinaten
It Fanûatûaansk parlemintsgebou.

Port Vila is de haadstêd en grutste stêd fan Fanûatû. It leit oan de súdkust fan it eilân Efate, yn de provinsjein Shefa. It ynwennertak wie yn 1999 29,356, 55% mear as by de telling fan 1989. Port Vila is it ekonomyske en kommersjele sintrum fan Fanûatû.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nh-map.png

It gebiet dêr't Port Vila leit hat al tûzenen jierren bewenne west troch Melanesysken folken. Yn 1606 kamen de earste Europeanen oan by it eilân, laat troch Pedro Fernández de Quirós en Luis Váez de Torres. Yn de 19e iuw stiften Frânske lânferhuzers it plak Franceville op de Nije Hebriden en ferklearren har ûnôfhinklik yn 1889. It waard de earste selsstannige steat dêr't net op geslacht of ras diskriminearre waard wat it kiesrjocht oanbelange. Hoewol't de befolking yn dy tiid út 500 lânseigen eilanners bestie en dêr mar 50 blanken sieten, mochten allinne de lêsten in publike funksje beklaaie. Ien fan de keazen presidinten wie de Amerikaan R.D. Polk.[1]

Nei 1887 waard it territoarium tagelyk troch sawol de Frânsen as de Britten bestjoerd. Dy regeling waard offisjeel fêstlein yn 1906 as in Ingelsk-Frânsk Condominium. Yn de Twadde Wrâldkriich wie Port Vila in Amerikaanske en Australyske loftmachtbasis. Yn 1987 rekke de stêd swier skansearre troch de sykloan 'Uma' en de ierdskodding fan jannewaris 2002 feroarsake ek in protte skea yn de stêd en omkriten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Wee, Small Republics: A Few Examples of Popular Government," Hawaiian Gazette, 1 novimber 1895, s. 1