Sibskip

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Eskimo famylje

Sibskip is de troch in beskaving erkende biologyske en somtiden sels net-biologyske relaasje tusken minsken. Sibskip is mear as in netwurk fan genetyske relaasjes tusken minsken, it is benammen in kultuerferskynsel en gjin biologysk ferskynsel.

Algemien[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Elts yndividu is besibbe oan in hiele soad oare yndividuen, mar net al dizze relaasjes wurde ek sosjaal of kultureel erkend. Sibskip is de taal wêryn de struktuer fan de maatskippij beskreaun wurdt. Elke kultuer hat syn eigen manier om besibbe minsken te beneamen. Antropologen hawwe besocht om hjir in systeem yn te krijen. Eltse kultuer past yn dat systeem. (sjoch dêrfoar it artikel oer sibskip terminology)

Yn guon dielen fan de wrâld binne jo famylje en of oan elkoar besibbe allinnich troch de heit. Men neamt dat ek wol patrilineêr. Der binne ek kultueren wêr't minsken famylje en besibbe oan elkoar binne troch de mem, dit neamt men matrilineêr. Yn Jeropa liket oft wy allinnich troch de heit famylje fan elkoar binne mar yn it echt hat altyd sprake west fan mingd stelsel.

Yn de westerske wrâld is sibskip wichtich. Mar dôchs wurdt elts persoan sjoen as in yndividu. It komt selden foar dat jo mei in frjemde prate oer jo eigen famylje. Yn guon kultueren bart dit wol. It earste wat frege wurdt is hoe oft it mei de famylje giet en wat se dogge. Sibskip soarget derfoar dat minsken by in groep hearre. Sibskip soarget foar plichten en foar rjochten. Tink mar oan in heit dy’t it respekt krijt fan de bern. Yn eltse kultuer is dit oars regele.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]