Olympyske Simmerspullen 1956

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
XVIe Olympiade
Flagge fan Austraalje
Flagge fan Austraalje
Hâlden yn Melbourne, Austraalje
Jier 1956
Dielnimmende lannen 67
Dielnimmende atleten 3.384
Eveneminten 145 yn 17 sporten
Iepeningsseremoanje 22 novimber
Slutingsseremoanje 8 desimber
Temaside  Sport


XVIe Olympiade
Flagge fan Sweden
Flagge fan Sweden
Hâlden yn Stokholm, Sweden
Jier 1956
Eveneminten 1 sport
Iepeningsseremoanje 10 juny
Slutingsseremoanje 17 juny
Edysjes
Foarige edysje 1952 Helsinky
Folgjende edysje 1960 Rome
Temaside  Sport

De Olympyske Simmerspullen 1956, ek wol de XVIe Olympiade neamd, waarden yn 1956 yn Melbourne, Austraalje hâlden.

Medaljespegel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 Plak  Lân NOK Goud Sulver Brûns Totaal
1 Sowjetuny Flagge fan Sowjetuny URS 37 29 32 98
2 Feriene Steaten Flagge fan de Feriene Steaten USA 32 25 17 74
3 Austraalje Flagge fan Austraalje AUS 13 8 14 35
4 Hongarije Flagge fan Hongarije HUN 9 10 7 26
5 Itaalje Flagge fan Itaalje ITA 8 8 9 25
6 Sweden Flagge fan Sweden SWE 8 5 6 19
7 It Dútske Ienheidsteam Flagge fan It Dútske Ienheidsteam EUA 6 13 7 26
8 Grut-Brittanje Flagge fan Grut-Brittanje GBR 6 7 11 24
9 Romeenje Flagge fan Roemeenje ROM 5 3 5 13
10 Japan Flagge fan Japan JPN 4 10 5 19

Ruterspullen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanwege de strange karantêneregels fan Austraalje waarden de hynstesporten yn de maitiid fan it noardlik healrûn fan 1956 hâlden yn it Sweedske Stokholm. Fan 10 oan 17 juny waarden hjir de Olympyske Ruterspullen organisearre.

Dit is de ienichste kear dat de Spullen formeel yn stêden fan twa lannen organisearre waarden. Yn 1984 is it noch ris bard: op de Paralympyske Simmerspullen fan 1984 dy waarden yn it Amerikaanske New York en it Ingelske Stoke Mandeville hâlden.

Foar Peking, 2008, waard de organisaasje fan ek wer de hynstesport, fanwege de karantêneregels yn Sina, al dien troch in oar Olympysk Kommitee: it Olympysk Kommitee fan Hong Kong.

Boykot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei oanlieding fan it bluodderige yngripen fan de Sowjetuny yn Hongarije yn de hjerst fan 1956 nammen in oantal lannen wêrûnder Nederlân it beslút om nei Stokholm de rest fan de Spullen te boykotsjen. Dat waard net troch de sporters besletten, mar wie in beslút fan in tafoege generale ledegearkomste. De fjouwer atleten dy't al yn it foar nei Austraalje ôfreizge wienen waarden troch it NOK mei in tillegram opdroegen fuort te gean. It ienichste ekskús dat sy krigen wie it wurdsje "SORRY", op it ein fan it tillegram, atleten dy't noch yn Nederlân wienen krigen hielendal gjin ekskús oanbean. Earst yn 2006 bea Erica Terpstra foar it Nasjonaal Olympysk Komitee de sporters ekskús oan, en twa jier letter kaam it ekskús fan Claas van den Houten oer it tillegram.

Boykotsjende lannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dizze fiif lannen hawwe de Spullen yn Melbourne boykotte. Sy hawwe al mei dien oan de Spullen yn Stokholm.


Sporten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Dielnimmende lannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dielnimmende Lannen Olympyske Simmerspullen 1956

67 lannen diene mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Melbourne en Stokholm. De lannen dy't skean skreaun binne, lutsen har nei dielname yn Stokholm fan de Spullen werom


Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Olympyske Spullen
Simmerspullen | Atene 1896 | Parys 1900 | Saint Louis 1904 | Londen 1908 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinky 1952 | Melbourne 1956 | Rome 1960 | Tokyo 1964 | Meksiko 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoul 1988 | Barselona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janêro 2016 |
Winterspullen | Sjamoniks 1924 | Sankt Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch-Partenkirchen 1936 | Sankt Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Skwa Valley 1960 | Innsbruck 1964 | Grenoble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajewo 1984 | Kelgery 1988 | Tignes-Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Fankoever 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 |
wizigje


Olympyske Ringen.jpg
Olympyske Simmerspullen 1956
Flag of Australia.svg
Flag of Sweden.svg
Atletyk | Basketbal | Baanhurdfytse | Bokse | Dykhurdfytse | Fuotbal | Gewichtheffe | Gymnastyk | Hokky | Hurdsile | Hynstesport | Kanofarre | Keunstdûke | Moderne Fiifkamp | Roeie | Skermje | Sjitsport | Swimme | Wetterpolo | Wrakselje |
wizigje