Moskou

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Dizze side giet oer de haadstêd fan Ruslân Moskou, in lân fan Jeropa. Foar it buorskip Moskou yn Eaststellingwerf, sjoch Moskou (Eaststellingwerf).

Wapen Kaart
Wapen fan de stêd Moskou Posysje fan Moskou yn Jeropa
Basisgegevens
staat: Ruslân
oerflak: 1.097,12 km²
tal ynwenners: 10.406.578 (1 jannewaris 2005)
ynwennerstichthyd: 9.485 ynwenners/km²
hichte: 156 m boppe seespegel
postkoades: 101000-129626
geografyske posysje: 55° 46' N, 37° 40' E
stedsyndieling: 10 distrikten
offisjele webside: mos.ru
e-post adres: mayor@mos.ru
polityk
boargemaster: Joeri Michailowyts Lûsjkow

Moskou is de haadstêd fan Ruslân, en fan de Russyske Federaasje. De stêd leit midden yn it Europeeske part fan Ruslân en hat sa'n 11,2 miljoen ynwenners.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1156 waard it houten fort (Kremlin) boud yn de splis tusken de rivier de Moskwa en in lyts sydstreamke, de Njeglinnaja. Dizze mei houten peallen ôffrede fersterking waard it iere begjin fan wat yn de 20e ieu útgroeie soe ta ien fan de aldergrutste Europeeske metropoalen: Moskou. Yn 1367 liet Dmytri Donskoj de muorren fan it Kremlin op 'e nij bouwe yn kalkstien. Fanwege Tartaarske oanfallen moasten de muorren fan de stêd yn 1571 fersterke wurde troch Iwan de Ferskriklike (1533-1584). Yn de midsieuwen waarden op it Reade Plein, fuort njonken de noardeastlike muorre fan it Kremlin, jiermerken en eksekúsjes hâlden. Michail Romanov waard yn 1613 troch de machtichste boargers ta Tsaar ferkeazen, en set útein mei de 300 jier duorjende famyljehearskippij yn Ruslân.

Yn 1712 rôpe Tsaar Peter de Grutte de stêd Sint Petersburch út ta haadstêd en foar de neikommende 200 jier bleau Moskou dêrtroch de twadde stêd fan it lân. Ek Katarina de Grutte hie Moskou net sa heech; hja fûn it mar in achterlike stêd en hat der nea lang wenne. Yn 1812 fûl Napoleon Moskou binnen en dit blike it kearpunt yn de kriich. Twa-tredde fan de stêd baarne del en in nije opset fn de stêd betsjutte in nije takomst foar Moskou.

Twadde Wrâldkriich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tastân oan it eastfront tusken 22 juny en 5 desimber 1941

Op 30 septimber 1941 begûn it Dútske offinsyf op Moskou. Sa'n 80 divyzjes, wêrfan 12 pânser- en acht meganisearre divyzjes, hûndert fleanmasines, tûzenen tanks, artillery en granaatwerpers waarden tsjin de ferdigening fan de stêd brûkt. Adolf Hitler proklamearre, dat er sels by de parade fan syn leger yn Moskou wêze soe. In oare parade wie op 7 novimber op it Reade Plein, de betinking fan de Oktoberrevolúsje.

Op 15 novimber sette in twadde offensyf fan de Dútsers útein; yn it suden hienen se it measte súkses mar hja kamen lykwols net fierder as de foarstêden. De tsjinoanfal fan de Sowjets op 5 desimber 1941, hie it gefolch dat it Dútske leger har 100 oant 300 kilometer weromlûke moast. De Dútske loftmacht fleach wol 12.000 missy's, mar it wie mar in beheind tal fleanmasinen dy't boppe de stêd komme koenen. Yn de Slach om Moskou hie it Dútske leger 250.000 man, 1.300 tanks, 2.500 stik artillery, mear as 15.000 fartugen en wit hoe folle oar materiaal ferlern. Der binne 700.000 Sowjet soldaten deadien, ferwûne of kwyt. Dat wie de earste kear dat de Dútsers ferlern hienen en har weromlûke moasten, seis moannen nei it begjin fan de Blitzkrieg tsjin de Sowjetuny.

De Slach oan de Wolga fan july 1942 oant febrewaris 1943 wie it begjin fan it ferlies fan it Dútske leger tsjin de Sowjetuny. Op 24 juny 1945 waard der op it Reade Plein in oerwinningsparade fan it Sowjetleger holden. By de muorre fan it Kremlyn is it grêf fan de ûnbekende soldaat fan de Twadde Wrâldkriich. Op it tinkstien stiet:

Dyn namme ûnbekend,
dyn heldedied ûnstjerlik.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moskou leit 156 meter boppe de seespegel. De rivier de Moskwa rint fan noardwest nei súdeast troch de stêd. De breedte fan de rivier is tusken de 120 en 200 meter. Derneist binne der likernôch 120 oare lytsere rivierkes dy't troch de stêd rinne.

De stêdsgrinzen rinne lykop mei de ringwei fan 1962 (MKAD-Moskovskaja Kol'tsevaja Avtomobil'naja Doroga). De stêd hat in oerflak fan om de 1097 km². Der binne sa'n 100 parken yn de stêd, en de stêd leit der foar in tredde part grien hinne.

Op 1 jannewaris 2005 wennen der 10.381.288 minsken yn Moskou.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Historyske ynwenneroantallen
Jier Tal ynwenners
1400 40.000
1638 200.000
1710 160.000
1725 145.000
1738 138.400
1775 161.000
Jier Tal ynwenners
1785 188.700
1811 270.200
1813 215.000
1825 241.500
1840 349.100
1856 368.800
Jier Tal ynwenners
1868 416.400
1871 601.969
1888 753.459
1897 1.038.600
1912 1.617.157
1920 1.027.300
Jier Tal ynwenners
1926 2.101.200
1939 4.609.200
1959 6.133.100
1979 8.142.200
1989 8.972.300
2002 10.383.000

Ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Metrostasjon "Kiewskaja“

Mei de ferneamde metro kin men rap en maklik de stêd troch. Stalin hat it metrosysteem oanlizze litten yn it ramt fan syn stêdsfernijing. De metro rydt faak, is betrouber en net djoer. Der binne in tolvetal linen mei mear as 150 stasjons. De metrostasjons binne grut en mei prachtige ynterieuren oanlein.

Yn Moskou binne goeie bus- trolleybus- en tremferbinings. Autoride yn Moskou is foar Westerlingen in fak apart. Ferkearsrigels lykje hjir net te wêzen; it read ferkearsljocht betsjut lang net altyd dat dêr foar wachte wurdt. Autoriders binne agressyf en jouwe inoar gjin foargong. Auto's ride troch inoar hinne en wike gauris út fanwege gatten yn de dyk. Plysjes meie autoriders sûnder reden oanhâlde, om dêrnei in bekeuring út te dielen as oanfolling op harren salaris. Omdat de ynwenners hyltyd riker wurde, komme der mear auto's op de diken. De filefoarming is no ien fan de grutste problemen foar it stêdsbestjoer.

Nijsgjirrichheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Moskou wurdt in nij sakedistrikt boud mei de heechste wolkekliuwers fan Jeropa.

Moskou is in metropoal mei in soad foarstêden mei fletgebouwen, dy't om it histoaryske sintrum lizze. De toeristyske plakken binne:

Berne yn Moskou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]