Andorra

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Principat d'Andorra
Flagge fan Andorra Wapen fan Andorra
Flagge Wapen
Lokaasje fan Andorra
Offisjele taal Katalaansk
Haadstêd Andorra la Vella
Steatsfoarm Federale monargy
Gebiet
% wetter
468 km²
-­%
Ynwenners (2010) 85.015
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 8 septimber
Lânkoade AND
Ynternet .ad[*]
Tillefoan +376

Andorra is in lân yn Súd-Jeropa. De haadstêd is Andorra la Vella en de ko-prinsen fan it prinsdom binne sûnt 2003 Joan Enric Vives Sicília, biskop fan Seu d'Urgel en François Hollande, presidint fan Frankryk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Andorra

It lân Andorra bestiet sûnt 1278. Yn dat jier kaam der in ein oan in rige fan gewelddiedige konflikten tusken de biskop fan Urgel en de greve fan Foiks. De beide tsjinstanners slute frede dy't besegele wurdt yn in dokumint dat bekend stiet ûnder de namme Pareages. De ôfspraken dy't doe makke binne, foarmje noch alltyd de basis fan it tsjintwurdige politike stelsel.

Fan it begjin ôf oan wurdt Andorra regearre troch twa steatshaden. Dat wienen ynearsten de biskop fan Urgel en de greve fan Foiks, mar troch erfopfolging gong de ko-funksje fan de greve oer op it Frânske keningshûs. Doe't yn de 19e iuw in ein kaam oan de Frânske monargy, gong de funksje oer op de presidint fan Frankryk.

Tsjintwurdich is Andorra op it politike mêd sterk ferbûn mei de Jeropeeske Uny, sûnder dat it der lid fan is. Sa makket it brûkme fan de euro as betelmiddel, mar slacht sels gjin eigen munten. Foar de ynfiering fan de euro wienen de Frânske frank en de Spaanske peseta beide wettich betelmiddel.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Satellytfoto fan Andorra

Andorra leit yn it suden fan Europa, yn de Pyreneeën, ynklamme tusken it Frânske departemint Ariège yn it noarden en de Spaanske provinsje Kataloanje yn it suden. It lân hat in oerflak fan sa’n 468 km2, likernôch like grut as de Noardeastpolder. der wenje likernôch 80.000 minsken. Andorra hat in grinslingte fan 120,3 kilometer, wêrfan 56,6 kilometer mei Frankryk en 63,7 kilometer mei Spanje.[1]

It foarstendom leit heech yn de Pyreneeën en bestiet benammen út rûge bergen mei in trochsneed hichte fan 1.996 meter, wêrmei it it heechste lân fan Europa is. It leechste punt fan Andorra leit op 840 meter, oan de grins mei Spanje, it heechste punt is de 2.942 meter hege berch Coma Pedrosa yn it uterste westen fan it lân.[2] Yn totaal binne der 65 berchtoppen dy’t boppe de 2.000 meter útstekke.[2] La Massana befettet de fiif heechste piken fan it lân.

De berchen wurde fan mekoar skieden troch trije dellings dy’t yn in Y-foarm lizze. Dizze dellings falle gear op it punt dêr't de grutste rivier, de Gran Valira, de grins mei Spanje oergiet. Dit is ek it leechste punt fan it lân, op in hichte fan 840 meter.

Yn Andorra binne in oantal lytse en gruttere marren dy’t foarme wurde troch raanwetter fan gletsjers. Yn Enkamp lizze de grutste marren. De minst oantaaste natuer is te finen yn Grau Roig, yn de parochy Enkamp.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It klimaat fan Andorra komt fierhinne oerien mei it evenredige klimaat fan de omlizzende lannen, mar troch har hegere lizzing falt der winterdeis trochstrings mear snie en is it simmerdeis wat koeler. Andorra hat in tuskenbeiden klimaat, al binne der grutte ferskillen fanwegen de hichteferskillen. De winters yn Andorra binne kâld mei in soad snie en in trochsneed temperatuer fan 4 °C. Simmers binne drûch mei in trochsneed temperatuer fan 18 °C.[3] Trochstrings skynt de sinne 300 dagen yn it jier.

It klimaat yn it lân ferskilt bot nei de hichte fan it gebiet. De legere gebieten hawwe in klimaat dat te fergelykjen is mei de buorlannen, mei lytse ferskillen yn temperatuer en loftfochtigens. De gebieten boppe de beamgrins hawwe in heechberchtmeklimaat.

Jierliks falt der trochstrings 1.071,9 mm delslach. Dochs binne der grutte ferskillen. Sa falt yn it súdlike Sant Julià de Lòria 800 mm delslach it jier, wylst yn it noardlike Canillo 1.100 mm delslach falt. De drûchste moannen binne jannewaris en febrewaris, wylst de wietste moannen maaie, juny en novimber binne. Al ier yn de hjerst, oktober, falt de earste snie yn Andorra. Boppe de 1.500 meter falt mear as de helt fan de delslach yn fêste foarm. [3]

Polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de grûnwet fan 1993 is Andorra in parlemintêre demokrasy. It lân hat in bysûndere politike relaasje mei Frankryk en Spanje. Andorra hat gjin eigen postfoarsjenning, dy wurdt troch de beide lannen dien, en de postbedriuwen út dy beide lannen hawwe ek aparte postsegels foar Andorra. Neffens kêst 43 fan de grûnwet hat Andorra twa Ko-prinsen dy't tegearre steatshaden binne fan Andorra.[4] Dy steatshaden binne de Biskop fan Urgell en de Presidint fan Frankryk.

De útfierende macht omklammet de minister-presidint en sân ministers en wurdt de Utfierende Ried neamd. De wetjouwende macht (it parlemint) hat 28 (kin oprinne oant 42[5]) sitten en wurdt de Algemiene Ried neamd. Nei de ferkiezings foar it parlemint kieze de 28 nij keazen leden fan de Algemiene Ried de minister-presidint. De minister-presidint kiest dêrnei syn sân ministers foar de Utfierende Ried. It juridyske systeem is ûnôfhinklik en makket sawol gebrûk fan de Spaanske as Frânske wetjouwing. It boargerstrafrjocht wurdt dien troch it Hôf fan Batlles - in groep fan fjouwer rjochters, wêrfan twa dy't keazen binne troch de ko-prins. Hegere beroppen wurde dien yn it Hôf fan Berop. It heechste orgaan binne de fiif leden fan de Hege Rie.

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaart fan Andorra

Andorra bestiet út sân parochjes (parròquia yn it Katalaansk, parròquies yn meartal). Oant 1978 bestie it lân út seis fan sokke parochjes, mar yn dat jier waard de parochy Escaldes-Engordany stifte.

Guon parochjes binne noch wer fierder opdield. Sa binne Ordino, La Massana en Sant Julià de Lòria opdield yn saneamde quarts (kertieren), wylst Canillo opdield is yn tsien veïnats (wiken). Dizze gebieten omfiemje meastentiids plakken.

Eltse parochy hat harren eigen keazen boargemaster.

Nr. Parochy Gebiet
km²
Ynwenners
1990 2000 2007
1 Escut de Canillo.svg Canillo 121 1.290 2.706 5.422
2 Escut d'Encamp.svg Encamp 74 7.119 10.595 14.029
3 Escut d'Ordino.svg Ordino 89 1.289 2.283 3.685
4 La Masana coa.gif La Massana 65 3.868 6.276 9.357
5 Escut d'Andorra la Vella.svgAndorra la Vella* 12 19.022 21.189 24.574
6 Escut de Sant Julià de Lòria.svg Sant Julià de Lòria 60 6.012 7.623 9.595
7 Escut d'Escaldes-Engordany.svg Escaldes-Engordany 47 12.235 15.299 16.475
  Coat of arms of Andorra.svg Andorra 468 50.835 65.971 83.137

* Haadstêd fan Andorra

Militêr en plysje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Andorra hat in lyts leger en in sa'n 240 man plysje. In plysje-ienheid mei spesjale taken, bygelyks op it mêd fan anty-terrorisme, is de Grup d'Intervenció Policia d'Andorra (GIPA). Frankryk en Spanje binne neffens in ferdrach fan 1993 beide ferplichte om Andorra militêre beskerming te bieden. Andorra hat gjin legerorganisaasje.

Ynternasjonale gearwurking/lidmaatskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Andorra is gjin lid fan de Schengensône. Der binne kontrôles oan de grins, mar ornaris meie boargers út de Schengensône wol it lân yn. Andorra makket gebrûk fan de euro sûnder offisjeel akkoard. Andorra is gjin lid fan de Europeeske Uny. Andorra is ek gjin NAFO lid, militêr wurdt it lân neffens in ferdrach fan 1993 beskerme troch Frankryk en Spanje. Andorra is sûnt 1994 lid fan de Ried fan Europa.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Andorra

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Andorra hat in ynwennertal fan 84.082 (31 desimber 2009).[6] De Andorezen foarmje yn harren eigen lân in minderheid. Mar 33% fan de ynwenners hat de Andorese nasjonaliteit. Njonken Andorezen wenje der grutte mannichten Spanjerts (43%), Portegezen (11%), Frânsen (7%) en oare nasjonaliteiten (6%).[1]

De trochsneed leeftydsferwachting is 82,36 jier en heard dêrmei ta de heechsten fan de wrâld.[7] De sûglingestjerte leit op 0,6%, de bernestjerte op 0,7%. 89% fan de befolking wennet yn stêden.

De befolkingsopbou sjocht der sa út:[1]

  • 0-14 jier: 15,5% (wêrfan manlik 6.710 en froulik 6.305)
  • 15-64 jier: 72,2% (wêrfan manlik 31.604 en froulik 28.925)
  • 65 jier en âlder: 12,3% (wêrfan manlik 5.113 en froulik 5.231)

De oerhearskjende godstsjinst is it Roomsk-katolisisme, dat troch 90% fan de minsken oanhong wurdt.

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De amtlike taal en ienichste offisjele taal fan Andorra is Katalaansk. It brûken fan dizze taal wurdt befoardere troch de oerheid. Sa wurdt in kommisje ta it befoarderjen fan Katalaanske toponomy yn Andorra stipe en binne der fergese lessen foar ymmigranten. Telefyzje en radio is benammen yn it Katalaansk.

Troch ymmigraasje fan Spanjerts, Frânsen en Portegezen wurde de talen fan dizze lannen ek in soad sprutsen yn Andorra. It Katalaansk is foar 38,8% fan de m insken de memmetaal, Spaansk foar 35,4%, Portegeesk foar 15% en Frânsk foar 5,4%. As deistige sprektaal wurdt Katalaansk troch 58,3% fan de minsken brûkt, 37,3% Spaansk, 3,5% Portegeesk en 2,2% Frânsk.[8]

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De toeristenyndustry foarmet de wichtichste boarne fan ynkomsten foar Andorra. Leafst 80% fan it GDP komt fan de toeristesektor. Yn 2008 besochten likernôch 10,2 miljoen toeristen it lân. [9] De toeristen komme ôf op de belestingfrije steatus fan Andorra en de winter- en simmerakkomodaasjes yn it lân.

Ek de bankesektor spilet, fanwegen de steatus fan Andorra as belestingparadys, in wichtige rol yn de ekonomy. De lânbousektor is mei 2% lyts, it measte fiedsel wurdt dan ek ynfiert.

Natuerlike boarnen fan Andorra binne wetterkrêft elektrisiteit, mineraal wetter, hout, izererts en lead.

Andorra is gjin lid fan de Europeeske Uny, mar hat wol spesjale bannen hjirmei. Sa wurdt Andorra lyk behannele as it giet om hannel yn eigenmakke produkten mei oare EU-lannen, mar net as it giet oer lânbouprodukten. Fan 1 july 2013 ôf mei Andorra harren eigen euro-munten slaan. Hjirfoar makke it lân ek al gebrûk fan de euro, mar mocht it net harren eigen munten meitsje. Foar de ynfier fan de euro makke Andorra gebrûk fan de muntienheden fan Frankryk en Spanje.

Ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spoar[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der is gjin treinspoar yn Andorra. Al rint it treinspoar tussken Latour-de-Carol en Toulouse op twa kilometer fan de grins mei Andorra. Twa stasjonnen hjiroan hawwe in busferbining mei Andorra la Vella.

Diken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wegennet fan Andorra hat in lingte fan 269 kilometer, wêrfan 198 kilometer ferhurde is. De twa wichtigste diken út Andorra la Vella binne de CG-1 nei de Spaanse grins en de GC-2 nei de grins mei Frankryk. Yn de wintertiid wurde de diken oer it algemien flot sniefrij makke en bliuwe dan ek iepen. Al is it sa dat de GC-2 oan de Frânse kant fan de grins minder faak sniefrij makke wurdt en sadwaande nei lawines noch wolris ticht is.

Der binne busferbinings mei alle bewenne gebieten yn Andorra. Op de wichtigste rûtes komt elk heal oere in bus en yn de drokkere tiden faker. Der binne langeôfstânsferbinings mei de fleanfjilden fan Toulouse en Barselona, in rit nei ien fan dizze fleanfjilden duorret likernôch trije oeren. De measte buslinen binne yn it behear fan kommersjele bedriuwen, mar guon lokale rûtes wurde dien troch de oerheid.

Loftferkear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei it fleantúch is Andorra net te beriken. De fleanfjilden dy’t it deunstby lizze binne dy fan Perpignan yn Frankryk op 156 kilometer en Lleida yn Spanje op 160 kilometer. De twa grutste deunby-fleanfjilden binne dy fan Toulouse yn Frankryk en Barselona yn Spanje. Alle oeren ride der bussen nei de fleanfjilden fan Barselona en Toulouse.

Andorra beskikt wol oer trije helikopterhavens yn de plakken Arinsal, La Massana en Escaldes-Engordany. Hjirwei wurde kommersjele helikopterfluchten organisearre.

Der binnen plannen om fan it fleanfjild fan La Seu d'Urgell, tolve kilometer oer de grins mei Spanje, in kommersjeel fleanfjild te meitsjen om Andorra en de Pyreneeën better berikber te meitsjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 CIA Factbook (sjoen op 18 novimber 2010)
  2. 2,0 2,1 Geografie, Andorra Toerisme (sjoen op 18 novimber 2010)
  3. 3,0 3,1 Klimaat, Landenweb.net (sjoen op 18 novimber 2010)
  4. The Constitution of the Principality of Andorra grûnwet fan Andorra (sjoen op 19-11-2010)
  5. Politieke informatie op andorratoerisme.com (sjoen op 19-11-2010)
  6. Dades de població any 2009: 1- Població per parròquies al 31 de desembre del 2009, Departament d'Estadística, Govern d'Andorra (sjoen op 18 novimber 2010).
  7. CIA Factbook (sjoen op 18 novimber 2010)
  8. Llengua catalana, Centre de Recerca Sociològica (sjoen op 18 novimber 2010)
  9. Departament D'Estadistica(sjoen op 28 febrewaris 2013)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]